Vorige pagina
Schriftelijke vragen
Undersyk fêstigje flechtlingen en statushâlders Nij Beets-Oerterp - FNP
- ID
- 224
- Datum vraag
- 29-01-2025
- Onderwerp
- Undersyk fêstigje flechtlingen en statushâlders Nij Beets-Oerterp - FNP
- Raadsleden
-
- Jong, de Harm
- Toelichting
- Okkerdeis is bekend wurden dat Opsterlân ûndersykje wol of it mooglik is om yn Nij Beets en Oerterp twa lokaasjes (twa âld skoallegebouwen) ree te meitsjen foar opfang fan statushâlders (Oerterp) en Oekraynske flechtlingen (Nij Beets). Dit hat ta in soad opskuor liede yn de doarpen. Sawol de omfang as ek de wize fan kommunikaasje oer it plan wurde hjir as oarsaak foar neamd. In soad ynwenners litte witte dat sy it fernuverjend fine dat sy net yn it foar meinaam binne yn it tinken oer dizze plannen. Derneist is der in soad konsternaasje yn it plak Nij Beets wêr no krekt in soad fraach fan jongerein yn it doarp is nei betelbere wenten. Ek no wer wurdt by in âld skoalle de minsken ferrast mei in oare bestimming dan dat sy foar eagen hienen. Earder hat de FNP ek al fragen stelt oer de wize wêrop de âld skoalle fan de Tynje beheart wurdt.
- Afgedaan
- Afgedaan
- Datum antwoord
- 13-02-2025
- Bijlage(s)